‘Seis Ses Zesse Ses’ ferrassende ferhalen fan skriuwers dyt de lêzer meinimme yn harren eigen taal: it Frysk, Stellingwarfs, Snekers en it Bildts. Fjouwer talen, seis stimmen en wrâlden dy’t fertroud lykje, mar hieltyd in ferrassende draai nimme. Humor, tragyk en beskôging wikselje inoar ôf.
Yn de Fryske Boekewike trede de skriuwers fan it Kadoboek yn wikseljende gearstalling rûnom op yn de provinsje.
• 2 novimber, 19.30 Johan Veenstra, Gerard de Jong en Gabrielle Terpstra, Bibliotheek Heerenveen, It Hearrenfean
• 3 novimber, 19.30 Henk van der Veer, Johan Veenstra en Martsje de Jong, De Koperen Kees, Snits
• 4 novimber, 19.30 Gerard de Jong, Martsje de Jong en Marije de Lange, Het Graauwe Paard, Ouwe Syl
• 6 novimber, 19.30 Henk van der Veer, Garbielle Terpstra en Marije de Lange, Bibliotheek Makkum
Alle optredens binne fergees tagonklik en by alle optredens is in ferskaat oan Fryske boeken te keap. It Frysk Kadoboek ’Seis Ses Zesse Ses’ is de hiele Fryske Boekewike fergees te krijen by oankeap fan €15,00 oan Fryske boeken.
It Kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân set him yn foar lês- en ferkeapbefoardering en de promoasje fan it Fryske boek. Under oaren troch it organisearjen fan de Fryske Boekewike en de Sutelaksje. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en oare projekten fan Boeken fan Fryslân op www.boekenfanfryslan.frl.